7. August 2018: Rezension von „Preußischer Maat und nordfriesischer Patriot“ in „Us Wurk“ (Nr. 67, 1-2)

Der aktuelle Band (Nr. 67, Heft 1-2) der Zeitschrift Us Wurk enthält in der Kategorie Op it mêd auf S. 92 eine kurze Rezension bzw. Ankündigung meines im Oktober 2017 veröffentlichten Buches Preußischer Maat und nordfriesischer Patriot. Der Dichter Johannes Hansen (1854-1877) aus Fehsholm. Dr. Siebren Dyk schreibt dort u. a.:

Op ‘en nij in tekstútjefte as Kieler Estrik. Diskear giet it om it dichtwurk fan de jongferstoarne Johannes Hansen (1854-1877). Op himsels miskien in bytsje nuver, omdat dit net de earste kear is dat Hansen syn hânskrift yn print it ljocht sjocht. Mar de kearen dat dat bard is, is der, sa’t Winter sjen lit, nuver mei de tekst omslein, dat allinnich al om filologyske reden is it goed dat it orizjineel no betrouber útjûn is, al wie it ek mar omdat der yn it Middelgoesharder dialekt fan Breklum en omkriten net al te folle skreaun is. […] De eigentlike útjefte wurdt foarôfgien fan in ynlieding (s. 7-56). Dêryn in wiidweidige libbensbeskriuwing en in besykjen om Hansen yn ‘e romantyske tradysje te pleatsen. It boek wurdt fierder opgnist mei gâns âlde foto’s. De oanset ta dizze útjefte wie in skripsje, dy’t benammen bestie út in transkripsje fan Hansen syn wurk. It hat in goed ding west dat Winter dêr nochris wer op dûkt is en ien en oar útwreide hat ta it kreaze boek dat it no wurden is.

Bibliographische Angabe:

  • Dyk, Siebren. 2018. „Christoph Winter, Preuszischer Maat und nordfriesischer Patriot. Der Dichter Johannes Hansen (1854-1877) aus Fehsholm. Kiel (2017), Abteilung für Frisistik/Nordfriesische Wörterbuchstelle der Christian-Albrechts-Universität [= Estrikken/Ålstråke 106]“. In: Us Wurk 67, 1-2. S. 92.

Die Rezension ist auf der Homepage von Us Wurk als Download verfügbar.

CW